De Hynsteblom

Yn 2002 waard dit safolste produksje-oersjoch fan de skriuwerij, printerij, binerij en útjouwerij De Hynsteblom™ gearstald. Sûnt 1976 brûkt Karel F. Gildemacher dy printerijnamme mei in eigen printersmark (tekene troch P. Mulder).

Net opnommen binne in tal foar tredden fersoarge produksjes (bygelyks in omkaft foar in Museumgids (1983); twa reklameprintwurken foar Jan Bruinsma (1985); huningetiketten foar Douwe Kootstra; in oarkonde foar de Jouster Fryslânballon (1987) en noch in pear oare). Fierders is ek ôfsjoen fan it fermelden fan ferpakkingproduksjes (benammen foar De Goede Hoop), famyljeprintwurk en rekkens en sluven fan De Hynsteblom. Byneksperiminten (dummy's, mappen, doaskes ensafh.) binne ek net in dit oersjoch opnommen.

It binnenwurk fan dit produksje-oersjoch is "modern" set en fotokopiearre. It omkaft is "klassyk" in boekdruk printe. It boekje is fierders mei de hân naaid en lime en by gelegenheid fan it fyfte lustrum (fergees) ferspraat, sa lang't de oplaach fan 99 eksimplaren dat taliet.